Dronken snorfytser trappearre

© Omrop Fryslân
In 69-jierrige ynwenner fan Seisbierrum hat woansdei in rydferbod fan tolve oeren krigen om't er mei tefolle drank op op syn snorfyts siet. De man waard oanhâlden op de Frjentserterdyk by Frjentsjer. Dy dyk is ferbean foar snorfytsen.
De blaasproef dy't de plysje de man ôfnimme woe, mislearre trije kear. De man wegere in bloedproef. Dat smiet him in proses-ferbaal op.