Famylje Ku mei bliuwe

16 apr 2003 - 00:00

De Sineeske asylsikersfamylje Ku út Wolvegea kin yn Nederlân bliuwe. De famylje, dy't sechtjin jier yn Nederlân wennet, hat in ferbliuwsfergunning krigen.

Neffens de wurdfierder fan de famylje hat de minister de fergunning op humanitêre redenen ferliend. It gesin mei twa bern kaam yn maart nei sechtjin jier prosedearjen op strjitte te stean. Ynwenners fan Wolvgea ha har bot foar de fergunning ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)