Twa deaden by ûngelok Skylge

16 apr 2003 - 00:00

By in ûngefal op Skylge binne woansdeitemoarn twa minsken omkommen. It ûngelok barde om 11.30 oere op de Hoofdweg yn West-Skylge. Dêr botste in motorrider boppe op in fytser dy't de dyk oerstuts. Beide kamen by dy oanriding om it libben.

De plysje hat op dit stuit noch gjin fierdere gegevens oer de slachtoffers, lykas leeftyd of wenplak, bekendmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)