Droechfalferbod De Plaat hifke

© Omrop Fryslân
It droechfalferbod op de Plaat foar Dellewal op Skylge sil fan 't winter hifke wurde. Dat sei boargemaster Visser fan Skylge de ried ta. De plaat falt net ûnder it saneamde Droechfal-konvenant dat dit seizoen nei alle gedachten yn giet.
Dêryn hoege droechfallers mei har skip net mear binnen 200 m fan de fargeul ôf te lizzen. Tenei sil mear sjoen wurde nei it gedrach fan skippers. Op De Plaat is droechfallen noch ferbean.