Stipepunt foar opfieding nedich

16 apr 2003 - 00:00

Oer in pear jier moatte alle Fryske gemeenten in stipepunt hawwe dêr't âlden en fersoargers fragen stelle kinne oer de opfieding fan har bern. Ek de feilichheid foar de âlderein dy't selsstannich wennet, moat better troch ûnder oare oanpassings yn en om it hûs.

Dat stiet yn it rapport Regiovisie Preventie fan de Fryske sûnenssoarch- ynstellings, provinsje en gemeenten. Dy wolle mear de klam lizze op it tefoaren kommen fan syktes en soarch by Friezen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)