Totaalplan foar beskerme Grou

12 mrt 2012 - 14:29

Pleatslik Belang Grou wol dat de gemeente Boarnsterhim mei ien plan foar it hiele beskermde doarpssicht Grou komt. Dat skriuwt Pleatslik Belang oan b. en w. Op dit stuit wurde ûnôfhinklik fan inoar de bestimmingsplannen Volmawei, Hellingshaven, Minnefinne en Wetterfront taret. Se lizze tsjin mekoar oan. Dêrom moatte de plannen ek tsjin mekoar oan lein wurde kinne, seit Pleatslik Belang.

Der is yn de plannen romte foar apperteminten, wenten, kantoaren en winkels. Der wurdt al tsien jier wurke oan it plan Volmawei.

De gemeenteried sil der tiisdeitejûn eiliks oer te set. Pleatslik Belang trunet der by de riedsleden op oan it kolleezje in struktuerfyzje meitsje te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)