WTC moat mear omtinken krije

15 apr 2003 - 00:00

It World Trade Center yn Ljouwert moat mear yn 'e belangstelling komme. Dat seit Andries de Jong, direkteur fan sawol it FEC as de WTC-festiging yn Ljouwert. De Jong is teloarsteld yn de hâlding en de meiwurking fan de trije noardlike provinsjes. Dy wolle gjin jild stekke yn it WTC, dat noch boud wurde moat.

It WTC komt by it FEC yn Ljouwert. Der binne plannen foar in kongresseal, in hotel, in bioskoop en kantoarblokken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)