Droechte docht bouboeren goed

15 apr 2003 - 00:00

De droechte dy't no al sa'n trije moanne oanhâldt, komt de bouboeren poerbêst út. It droege waar betsjut dat se alle produkten op 'e tiid en sûnder lijen yn de grûn krije kinne. Hiddema fan de NLTO is dan ek net ûntefreden. Mar neffens him kinne de bouboeren ek wol wer ris in goed jier brûke.

De prizen en it wiete waar fan de ôfrûne jierren hawwe de posysje fan de bouboeren net al te folle goeds brocht. Mar dit jier wierret it mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)