Jong Hearrenfean - Jong NAC: 4-0

14 apr 2003 - 00:00

It belofteteam fan Sportklub Hearrenfean is wer koprinner. Nei twa ferlerne wedstriden waard moandeitejûn op sportpark Skoatterwâld mei 4-0 wûn fan NAC. Trochdat konkurrint Willem II gelykspile by Vitesse en twa punten ferspile stiet Hearrenfean wer boppeoan.

Doelpuntemakkers wiene Mark-Jan Fledderus, Georgios Samaras, Antonio Correia en Maceo Rigters. Hearrenfean hat no 35 punten út 18 wedstriden, Willem II 35 punten út 19.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)