Untslaggen by Van der Werf

© Omrop Fryslân
By boubedriuw Van der Werf yn Sint Nyk krije 18 fan de 200 wurknimmers dien. Der wurde op it stuit te min huzen kocht en dat treft ek Van der Werf. Earder al giene de tydlike wurknimmers der út.
Minsken binne yn dizze ekonomysk minne tiden te benaud om in hûs bouwe te litten, sa seit direkteur Van der Werf. It personiel wist dat it ûntslach der oan siet te kommen. Van der Werf hopet op bettere tiden.