Te Plak wol útwreidzje

© Omrop Fryslân
Lytse doarpen yn Fryslân reitsje hieltyd mear foarsjennings kwyt. Foar guon is de stifting Te Plak dêrom in útkomst. Bygelyks foar help yn de húshâlding, berne-opfang of ferskate putsjes.
Te Plak hat lykwols noch mar fjouwer festigings yn Fryslân. Mar dy binne sa'n grut sukses, dat de stifting útwreidzje wol nei ôfdielingen yn 13 doarpen. Te Plak hat deputearre Bijman moandei om stipe frege foar de plannen.