Mei cd-spiler oer de A7 rinne

14 apr 2003 - 00:00

De plysje fan Grins hat sneintejûn in jonge fan 17 jier út Drachten oppakt dy't oer de A7 by Hoogkerk rûn. By de oanhâlding woe er syn namme net sizze en wraksele er bot tsjin. De jonge waard yn 'e boeien slein en oerbrocht nei it plysjeburo.

By fûllearring die bliken dat de jonge in cd-spiler by him hie. Ek hie er ferskate bankpaskes by him dy't net op syn namme stienen. De jonge is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)