Harnzer rydt op stedsgenoat yn

© Omrop Fryslân
In 32-jierrige Harnzer is oppakt om't er mei sin op in 46-jierrige plakgenoat ynriden wie. De fertochte hie spul mei syn faam en wie doe fuortgien. De frou frege in 46-jierrige famyljelid om help. Mar de 32-jierrige kaam werom mei de auto en ried op de oare man yn.
It slachtoffer kaam fêst te sitten tusken twa auto's. Doe't de fertochte foar de twadde kear op him ynriden woe, sprong de frou derfoar. Dêrnei naaide de fertochte út.