Rjochtsaak oer Stedhâlderlik Hôf

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert moat uterlik oer fjouwer wike útspraak dwaan oer it beswier fan ûndernimmer Chris van den Berg tsjin subsydzje oan it Stedhâldlik Hôf. Yn 1994 krige de doetiidske eigner oardel miljoen gûne. Dat jild is brûkt om der in kommersjeel hotel fan te meitsjen, wylst it dêr net foar bedoeld wie, fynt Van den Berg.
Ferline jier tekene Van den Berg ek al beswier oan. Doe krige er gjin gelyk. No hat er de rjochter ynskeakele.