Gronitas - De Jouwer: 3 - 3

© Omrop Fryslân
De Jouwer liet snein twa djoere punten lizze by it leech klassearre Gronitas. De Jouwer stie lang foar mei 2-3, mar Gronitas wist fier yn blessueretiid dochs noch 3-3 te skoaren. "Wy wiene ússels net", sei in teloarstelde trainer Bert Hollander nei ôfrin.
De Jouster goals waarden makke troch René Geertsma, Johnny de Jonge en Ronny Nolles. Grutte konkurrint Be Quick ferspile ek punten troch mei 1-1 gelyk te spyljen tsjin Wolvegea.