Man skopt plysje tsjin knibbel

13 apr 2003 - 00:00

In 40-jierrige man fan De Blesse hat sneintemoarn in plysjeman tsjin de knibbel skopt. De man woe net meihelpe oan in blaastest en waard agressyf. Hy waard yn 'e boeien slein, mar de man seach likegoed kâns om ien fan 'e plysjes tsjin de knibbel te skoppen.

De man die dat sa hurd dat de plysjeman oerbrocht wurde moast nei it sikehûs. De fertochte waard meinommen nei it buro. De man wurdt mishanneling en bedriging ten leste lein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)