45 oanhâldings op houseparty

13 apr 2003 - 00:00

De plysje hat sneontenacht 45 minsken oanhâlden op danceparty Qlimax yn Thialf. De minsken wiene allegearre yn it beset fan XTC-pillen. Ien fan 'e trappearre feestgongers hie 13 pillen en krige dêrfoar in boete fan 570 euro.

Twa manlju út Rotterdam waarden oanhâlden fanwege it ferkeapjen fan falske tagongskaarten. De plysje wie mei santich man oanwêzich op it dûnsfeest. It evenemint luts 15.000 minsken en ferrûn foar it oare rêstich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)