GKB-bank Ljouwert hat it drok

13 apr 2003 - 00:00

It is dit jier tige drok by de Gemeenschappelijke Krediet Bank yn Ljouwert. It earste fearnsjier meldden harren al 400 minksen mei jildpine by de bank. As dat sa trochgiet wurde dat der dit jier 1600 en dat is folle mear as yn 2002. De mindere ekonomyske tiden binne by de GKB dúdlik te fernimmen.

2002 wie foar de GKB in ridlik goed jier. De bank draaide doe mei in lytse winst fan 20.000 euro. Oer 2001 wie der noch in ferlies fan 150.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)