Timmermans: berjocht is 'canard'

12 apr 2003 - 00:00

Der wurdt noch hieltyd konstruktyf troch fjouwer partijen ûnderhannele oer in nij kolleezje fan deputearre steaten. Dat seit ynformateur Timmermans yn in offisjele reaksje op it nijs yn de Ljouwerter Krante fan sneon. Dêryn stiet dat de FNP de VVD út de ûnderhannelings wipt hat.

It is in 'canard', sa seit Timmermans. Dat is in sjoernalistike term foar in nijsberjocht dat net wier is. De krante hat him net basearre op feiten seit er.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)