Optocht fan Koerden yn Drachten

12 apr 2003 - 00:00

It wie sneontemiddei grut feest yn it sintrum fan Drachten. Tsientallen Koerden hâlden dêr in optocht fanwege de befrijing fan Irak. Under de Koerdyske mienskip bestiet grutte bliidskip.

Oan it winkeljend publyk waarden briefkes útdield. Dêryn waard oanjûn werom't de optocht hâlden waard. De Drachtsters hiene alle begryp foar de aksje, dy't organisearre wie troch de stifting Fryslân/Koerdistan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)