Iepen brief oan ynformateurs

11 apr 2003 - 00:00

It nije Kolleezje fan DS moat soargje dat eardere lânbougrûn omset wurdt yn nije natuer of yn wetter. Dat is ien fan de saken dy't fjouwer natuer- en miljeu-organisaasjes oankaarte by de twa ynformateurs dy't dat nije kolleezje foarmjaan moatte.

It Fryske Gea, Natuurmonumenten, Staatsbosbeheer en de Fryske Miljeu Federaasje ha de ynformateurs in iepen brief stjoerd. Sy pleitsje ek foar oare maatregels lykas duorsum enerzjybelied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)