Iepen Universiteit Ljouwert slút

11 apr 2003 - 00:00

De Iepen Universiteit yn Ljouwert giet definityf op 1 septimber ticht. Fryslân hâldt wol in provinsjaal stipepunt. It Kolleezje fan Bestjoer hat dêr mei de ûndernimmingsried (UR) in akkoart oer berikt.

Nei't de UR yn maart in proseduere begûn om it beslút om 6 stúdzjesintra te sluten neatich te ferklearjen, hat der drok oerlis west tusken partijen. Fryslân, Seelân en Drinte krije per 1 septimber no in provinsjaal stipepunt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)