Boargemaster De Jonge sjocht om

© Omrop Fryslân
Boargemaster De Jonge fan It Hearrenfean hat sollisitearre op de boargemasterspost fan de nije gemeente Terneuzen yn Seelân. De Jonge stiet twadde op de foardracht. De nûmer ien is Lonink, dy't earder boargemaster wie yn Sas van Gent.
Nei in resinte gemeentlike weryndieling yn Seelân is Terneuzen dêr de grutste gemeente mei 55.000 ynwenners. As jo neffens De Jonge ergens in skoft sitten ha, begjinne jo om je te sjen.