Dartsport as útlaatklep
De jongeren dy't foar oerlêst soargje by it doarpshûs yn Boelensloane kinne tenei har enerzjy kwyt yn de dartsport. It darten kin dien wurde yn it doarpshûs.
De lêste wiken bringe jongeren oan it doarpshûs fernielings oan en soargje se foar oerlêst by de omwenners. De plysje hâldt al ekstra tafersjoch. De gemeente Achtkarspelen stelt jild foar it darten beskikber.