Slaanderij op training Cambuur

10 apr 2003 - 00:00

Op de training fan Cambuur hat tongersdei op 'e nij fjochterij west. Dizze kear krigen de spilers Dave Rogers en Hakim Chatouani spul mei-elkoar. In pear wike lyn koene guon spilers de hannen ek al net thús hâlde op de training. It bestjoer fan Cambuur wol no maatregels nimme.

Fanwege minne resultaten is der in soad frustraasje. De rêst like werom te wêzen, mar troch dit nije ynsidint stiet de saak wer op skerp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)