Philips Drachten krimpt 2005 yn

10 apr 2003 - 00:00

De produksje fan it skearapparatefabryk fan Philips yn Drachten nimt fan 2005 ôf mei maksimaal 3 miljoen stiks per jier ôf. It fabryk makket no jierliks hast 11 miljoen apparaten.

Philips is fan doel om in diel fan de skearapparateproduksje oer te bringen nei it susterfabryk yn Sina. De fakbûnen haawe easke dat der gjin twongen ûntslaggen falle meie. Ek wolle se dat der in wurkgroep komt dy't nei ferfangend wurk siket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)