Samaras noch trije jier fêstlein

© Omrop Fryslân
De Grykse oanfaller Georgios Samaras bliuwt noch trije jier by Hearrenfean. De klup makket gebrûk fan de opsje yn it kontrakt fan de spiler. Samaras (18)falt de lêste tiid op om't er yn acht ynfalbeurten al trije doelpunten foar it earste alvetal makke.
De Eastenriker Thomas Prager bliuwt noch trije jier by Hearrenfean. De kontrakten fan de jeugdspilers Marcel Seip en Mark Jan Fledderus fan Jong Hearrenfean binne mei in jier ferlingd.