Asylsiker wennet yn tintsje

© Omrop Fryslân
In flechtling út Azerbeidzjan wennet al fjirtjin dagen yn in tintsje oan de râne fan it azc fan It Hearrenfean. Gasparov Grigori is út it azc setten om't er útprosedearre is. Syn famylje sit noch yn it azc.
Der rint noch in asyloanfraach op medyske grûn, mar rjocht op opfang hat Grigori net mear. Werom nei it heitelân kin net, om't er dêr om syn Armeenske achtergrûn net feilich is. Boppedat wol er by syn famylje bliuwe.