Soad kavels frije bou ferkocht

10 apr 2003 - 00:00

De helte fan de 40 kavels oan de Moleplaat yn de wyk Zuiderburen yn Ljouwert is woansdei ferkocht. De kavels waarden ferlotte yn skouboarch De Harmonie. Se kostje tusken de 90.000 en de 210.000 euro.

In grut part fan de kavels leit yn it gebiet 'De Vrijheid'. Dêrfoar jilde hast gjin wolstânsrjochtlinen. De keapers binne net bûn oan in arsjitekt of in oannimmer. Der wie ek in soad animo foar kavels oan it wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)