Regels fûgelpest fersoepele

10 apr 2003 - 00:00

De lanlike maatregels om de fûgelpest te bestriden binne woansdeitenacht om 12 oere fersoepele. It ferfier fan konsumpsje-aaien en slachthinnen is no wer tastien. It útriden fan plomfeemest is ûnder betingsten ek wer tastien.

De fersoepeling jildt net foar de gebieten dêr't de fûgelpest hearsket. Neffens de NLTO is it wichtich foarsichtich te bliuwen om alle risiko's op besmetting foar te kommen. Foar de krekte regeling: www.minlnv.nl

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)