Friezen leaver loai as wurch?

09 apr 2003 - 00:00

De Keamer fan Keaphannel en de provinsje stelle in ûndersyk yn nei de arbeidsproduktiviteit yn Fryslân. Ut sifers fan de Keamer docht bliken dat de produktiviteit de lêste jierren stilstiet. Lanlik sitte de Friezen ûnder it gemiddelde.

It ûndersyk, dat útfierd wurdt troch de Ryksuniversiteit Grins, moat útwize oft de Fries echt net sa hurd wurket, en wat de oarsaken dêrfan binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)