Seekearing Harns moat ferbettere

09 apr 2003 - 00:00

Wetterskip Fryslân sil op koarte termyn de seekearing by Harns ferbetterje. Dat is nedich om't de besteande kearing net feilich genôch mear is. De dyk foldocht net oan de easken fan de ryksoerheid.

Neffens wurdfierder De Jong fan Wetterskip Fryslân is it net sa dat it wetter by stoarm oer de dyk slacht. De ferbettering fan de seekearing kostet hast 14.000.000 euro. It giet om it stik ten suden fan de âlde kearslûs Suderpier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)