Wer ramkraak yn Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Foar de tredde kear yn koarte tiid is Surhústerfean opskrikt troch in ramkraak. In elektroanikasaak oan de Dellen is tiisdeitenacht oerfallen. Ein ferline jier kamen dieven op deselde wize in fotosaak en in juwelier yn.
Mei ien auto ramme de dieven de gevel, mei in oare wein naaie se út. Binnen twa minuten ha se by Pool foar 70.000 euro oan plasmaskermen en fideokamera's meinaam. Skea oan de winkel wurdt rûsd op 30.000 euro.