Skjinmakkers ha wer staakt

09 apr 2003 - 00:00

De skjinmakkers fan de treinen op it stasjon yn Ljouwert hawwe tiisdeitejûn en -nacht op 'e nij staakt. Se fiere aksje foar in bettere CAO.

Al sûnt heal desimber wurdt praat oer in nije CAO. De ûnderhannelingen ferrinne stroef. Oer it trochbeteljen by sykte en de wurktiden kinne de partijen it net iens wurde. Allinnich de leden fan de fakbûn FNV ha it wurk dellein. Earder gie it fakbûn CNV wol akkoart mei de nije CAO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)