Cambuur mei liening hâlde

08 apr 2003 - 00:00

Ljouwert is tefreden oer it finansjele belied by Cambuur. As dit seizoen mei in posityf saldo ofsluten wurdt, hoecht de fuotbalklub in liening fan acht ton net werom te beteljen. Dat hat it gemeentebestjoer moandei besletten.

It jild hat Cambuur in pear jier lyn krigen doe't de klub finansjeel yn swier waar rekke. Supporters hellen miljoenen gûnen binnen. Dat bedrach waard ferdûbele troch de gemeente, in part derfan wie in liening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)