Deade bisten bliuwe op de dyk

08 apr 2003 - 00:00

Rykswettersteat makket diken dêr't kadavers oplizze net mear skjin. De grutte Fryske diken waarden twa kear yn 't jier skjinspuite om't de deade bisten gatten yn de dyk feroarsaakje. It docht bliken dat de kadavers dochs te lang lizzen bliuwe en de dyk likegoed oantaaste.

Rykswettersteat besjocht nei in jier hoe grut oft de skea oan de diken is. Meiwurkers sille op guon stikken út en troch noch kadavers fan de dyk helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)