Jild foar doktersoerlis

08 apr 2003 - 00:00

De Friesland jout subsydzje oan it oerlis tusken húsdokters en apotekers. It jild, 340.000 euro per jier, giet nei de fiif regio's om de sikehûzen yn Dokkum, Drachten, It Hearrenfean, Ljouwert en Snits hinne.

It projekt fan de soarchfersekerer moat foar bettere kommunikaasje tusken húsdokters en apotekers soargje. Sadat pasjinten net de ferkearde medisinen krije of ferkeard brûke. It projekt duorret trije jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)