Molke mei wer ferfierd wurde

08 apr 2003 - 00:00

Boeren dy't neist melkfee ek plomfee hâlde, meie de de molke wer nei it fabryk ferfiere. It ministearje fan Lânbou hat dat moandeitejûn besletten. Earder wie it ferfieren fan de molke ferbean fanwegen de standstill. Dy wie ynfierd om der foar te soargjen dat de fûgelpest him net fierder ferspriede soe.

It ferfier fan de molke moat oan strange betingsten foldwaan. De auto's moatte hieltyd goed skjinmakke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)