Mear omtinken foar spuitomruil

07 apr 2003 - 00:00

Yn de binnenstêd fan Ljouwert toarkje hieltiten mear drugsspuiten om. Dat is de yndruk fan wurknimmers fan Fryslân Miljeu. Neffens de gemeente falt it wol ta en ruilje junks tachtich persint fan har spuiten om. Dochs sil de gemeente aksje ûndernimme en in spesjale koördinator foar spuitomruil oanstelle.

Ferline wike stus in jonkje him oan in spuit. Neffens Fryslân Miljeu is dat gjin tafal. De wurknimmers fine ek hieltiten mear spuiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)