Kompanjonsfeart wurdt útbaggere

07 apr 2003 - 00:00

De Opsterlânske Kompanjonsfeart wurdt de kommende wiken útbaggere. Tusken De Gerdyk en de grins mei Drinte moat 30.000 kúb modder út de feart helle wurde.

It trajekt fan ienentritich kilometer is ûnderdiel fan de Turfrûte, dy't op 15 maaie wer iepengiet. De rûte hat de jierren slim te lijen fan ûndjiptes. In soad boatsjeminsken mije de feart dêrom. It stik dat no wer op djipte komt, is al fyftjin jier net útbaggere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)