Goede sifers foar Frysk Deiblêd

© Omrop Fryslân
It Frysk Deiblêd hat yn 2002 goed buorke. It bedriuw makke 170.000 euro winst. Dat is 70.000 mear as it jier dêrfoar.
Haadredakteur Kooistra neamt it resultaat tige bemoedigjend, sjoen it feit dat de advertinsjeynkomsten tebek rûnen. It Frysk Deiblêd is de iennige regionale kristlike krante yn Nederlân. Yn it neijier fiert de krante syn hûndertjierrich bestean, yn oanwêzigens fan premier Balkenende.