Grien ljocht projekt Pantera

© Omrop Fryslân
Pantera út Nijeberkeap hat foarige wike berjocht krigen dat it bestjoer fan it Mpumalanga-park foar it grutste part akkoart giet mei it projekt Pantera. Dêrby moatte liuwen, dy't yn Europa yn finzenis fokt binne, útset wurde yn it Krüger-park yn Súd-Afrika.
De Afrikaanske liuw wurdt mei útstjerren bedrige. It projekt is al in skoft yn tarieding. It probleem wie dat de parkhâlders benaud wiene foar geneferfalsking en syktes.