Pruis en Zonen oernommen

07 apr 2003 - 00:00

Izerflechtbedriuw Pruis en Zonen wurdt oernommen troch Wapeningsstaal Bisschop yn Veenoord. Pruis en Zonen út Burgum waard twa wike lyn fallyt ferklearre. Bisschop is ien fan de eardere opdrachtjouwers fan Pruis en Zonen.

By it Burgumer bedriuw wurkje 54 minsken. Op syn minst 18 fan har geane mei oer nei Wapeningsstaal Bisschop. Pruis en Zonen hat ek noch in produksjebedriuw yn Grins. Dat giet ek ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)