Fakânsjebeurs Koudum súkses

07 apr 2003 - 00:00

De fakânsjebeurs Vakantieland Friesland dy't dit wykein yn hotel Galamadammen yn Koudum holden waard, hat goed 2500 besikers lutsen. De beurs waard foar 't earst holden en de organisaasje sprekt fan in grut súkses. Sneon kamen der 350 minsken op ôf, snein goed 2000.

De measte minsken kamen foar de boateshow. Dy sil takom jier útwreide wurde fan 25 nei 50 boaten. De fakânsjebeurs waard organisearre troch in buro foar toerisme út Wolvegea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)