Piraten út 'e loft

06 apr 2003 - 00:00

Guon Fryske piraten binne dit wykein ophâlden mei har útstjoeringen. Sa hie Radio Manual sneon de lêste útstjoering, lyk as Radio Bambino. De piraten hâlde der mei op omdat de boetes foar de yllegale piraterij net mear op te bringen binne.

De boetes rinne op oant 1100 euro per kear. Dy wurde jûn yn it ramt fan de aksje Etherflits fan it Agentschap Telecom. De aksje sil earst in jier duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)