Feefoer mei wer brocht wurde

© Omrop Fryslân
Der mei wer feefoer brocht wurde by hinnebedriuwen dy't oars slim yn 'e knipe komme. Dat hat it ministearje fan Lânbou sneontemiddei bekend makke. Yn Fryslân wie in tsiental bedriuwen dy't sûnt de stand-still fan freed sûnder fretten siet.
Der jilde wol strange betingsten. De sjauffeurs moatte har frachtweinen hielendal skjin meitsje en allegear papieren ynfolje. Ek moatte se spesjale klean oan hawwe.