De Jouwer wint fan Snits

© Omrop Fryslân
De Jouwer wûn sneontejûn mei 2-1 de Fryske twastriid tsjin Snits. Troch de oerwinning bliuwt De Jouwer koprinner yn de earste klasse mei 44 punten út 17 wedstriden. De haadklasse komt no tichterby foar De Jouwer.
De Jouwer kaam yn de twadde helte op foarsprong troch in frije traap fan Johnny de Jonge. Nei de lykmakker fan Dennis Schat kaam fuortdaliks de winnende goal fan Johnny Dölle.