Militêren werom út Kirgizië

05 apr 2003 - 00:00

De militêren fan de fleanbasis Ljouwert dy't okkerdeis ôflost binne troch harren kollega's, binne werom. It giet om 170 militêren dy't yn Kirgizië wiene foar de missy Enduring Freedom, de striid tsjin it terrorisme yn Afghanistan. Fanwege de oarloch yn Irak hat de basis yn Manas twa dagen op slot west. Dochs wie it net ûnfeilich.

De missy wurdt de kommende moannen troch Denemarken en Nederlân útfierd. Ein july wurdt dy ploech ôflost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)