Spesjaal konfoai nei Portugal

© Omrop Fryslân
Acht grutte frachtweinen sette snein ôf fan Makkum. Se hawwe in spesjale lading fan it bedriuw Hubert yn Starum, dy't bestimd is foar in enerzjysintrale yn Portugal. De fracht is sawat 11 meter lang en dêr binne allegear spesjale fergunningen foar oanfrege. Oer in pear dagen komt de fracht oan yn Portugal.
It giet om frij spesifyk guod dat troch mar in pear bedriuwen yn Europa makke wurde kin. De frachtweinen binne yn Makkum klear makke foar de reis.