Plannen doarpshûs Twizelerheide

© Omrop Fryslân
Twizelerheide hat in plan makke foar it opknappen en útwreidzjen fan doarpshûs De Jister. No sit it pjutteboartersplak noch op de ferdjipping fan De Jister. Dy situaasje is net ideaal, ûnder oare fanwege de brânfeilichheid.
De pjutten soene eins in plakje krije moatte yn in lege rûmte op de begeane grûn. Om de wachtlist foar de opfang fuort te wurkjen soe der in lokaal by boud wurde moatte. De feroarings kostje mei inoar 300.000 euro.